Staartjes wie mear as allinne 'Meneer Aart' fan Sesamstraat

12 jan 2020 - 17:50

Aart Staartjes mei dan foaral bekend wurden wêze as 'Meneer Aart' fan Sesamstraat, hy hat folle mear dien. Hy stie oan de widze fan baanbrekkende bernetelefyzjesearjes.

Aart Staartjes by in opname fan Sesamstraat (1983) - Foto: ANP

Aart Staartjes is op 81-jierrige leeftiid ferstoarn nei in slim ferkearsûngelok yn Ljouwert. Hy wenne sûnt 2012 yn Dronryp.

De karriêre fan Staartjes begûn yn 1957 mei in pantomimeselskip. Hy die earst de kweekskoalle mar stapte oer nei de toanielskoalle. Yn syn stúdzje spile er yn telefyzjeprogramma's, en neidat er de toanielskoalle dien hie, spile er by ferskate toanielselskippen lykas it Nieuw Rotterdams Toneel.

Staartjes wurke earst by de IKOR, letter IKON. Hy makke dêr bibelfertellingen.

Baanbrekkende bernetelefyzje

Aart Staartjes betocht meardere baanbrekkende bernetelefyzjesearjes. Dat begûn mei De Stratemakeropzeeshow. Yn dat programma waarden ferskate taboes trochbrutsen.

De NOS makke in oersjoch fan de karriêre fan Aart Staartjes.

Foar de lytse bern betocht Staartjes De Film van Ome Willem, mei Edwin Rutten. Guon minsken kinne it ferske 'Deze vuist op deze vuist' noch altyd meisjonge. Dêrnei kaam yn 1974 JJ de Bom voorheen De Kindervriend mei Joost Prinsen en Wieteke van Dort.

'Meneer Aart'

Yn 1981 waard Staartjes ferantwurdlik foar Sesamstraat, en yn 1984 krige hy in rol yn it programma. Hy waard 'Meneer Aart': in âldere man dy't in protte prottele oer fan alles.

Yn 2009 kundige Staartjes syn ôfskied oan omdat er it net iens wie mei de feroaring fan de oanfangstiid fan it programma. Mar dêr kaam it publyk tsjin tsjin yn opstân. Der kamen 200.000 hantekeningen, en 'Meneer Aart' bleau. Oant de ein fan it programma wie er yn Sesamstraat te sjen.

Trefwurden: 
telefyzje Aart Staartjes
(advertinsje)
(advertinsje)