Aart Staartjes (81) ferstoarn nei ûngelok yn Ljouwert

12 jan 2020 - 18:06

'Meneer Aart' is der net mear. Nei in ûngelok mei in brommobyl is de 81-jierrige akteur Aart Staartjes ferstoarn. Dat meldt syn famylje. Staartjes wenne sûnt 2012 yn Dronryp.

Foto: ANP

It ûngelok wie freedtemiddei op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Staartjes soe dêrby út de brommobyl slingere wêze. Hy is op it plak fan it ûngelok behannele, en dêrnei mei spoed oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Aart Staartjes waard berne op 1 maart 1938 yn Amsterdam Noord. Hy wie akteur, regisseur, presintator, dokumintêremakker en skriuwer, mar is foaral bekend wurden troch syn rol as 'Meneer Aart' yn Sesamstraat.

Trefwurden: 
Aart Staartjes Sesamstraat
(advertinsje)
(advertinsje)