Goud foar Nederlânske mannen en froulju op ploege-achterfolging

12 jan 2020 - 17:20

Nederlân hat twa gouden medaljes wûn op de ploege-achterfolging op it Europeesk kampioenskip ôfstannen. Yn in fol Thialf wiene sawol de mannen as de froulju de bêsten.

Foto: ANP

By de froulju setten Ireen Wüst, Antoinette de Jong en Melissa Wijfje mei 2.57,98 de rapste tiid del. It sulver wie foar Ruslân, en it brûns wie foar Wyt-Ruslân.

By de mannen wiene Sven Kramer, Patrick Roest en Marcel Bosker mei 3.40,63 de fluchsten. De mannen ha acht ronden riden (sa'n 3000 meter), en de froulju seis (in goeie 2300 meter).

By de earste edysje fan de EK ôfstannen helle Nederlân ek twa gouden medaljes. By de mannen wiene Jan Blokhuijsen, Marcel Bosker en Simon Schouten doe de rapsten, en by de froulju Marrit Leenstra, Lotte van Beek en Melissa Wijfje. Dat wie yn Ruslân, yn 2018.

1000 meter

Op de 1000 meter wie der gjin Frysk sukses. By de froulju wûn Jutta Leerdam. Se bleau de Russyske konkurrinsje knap foar. Letita de Jong en Ireen Wüst waarden fjirde en fiifde. By de mannen diene der gjin Friezen mei op de 1000 meter. De Rus Pavel Koelizjnikov waard Europeesk kampioen. It sulver wie foar Thomas Krol.

Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Sven Kramer, Antoinette de Jong, Letitia de Jong en Ireen Wüst.

Trefwurden: 
reedriden EK Thialf
(advertinsje)
(advertinsje)