Arrestaasjeteam yn Stynsgea

Yn Stynsgea hat in arrestaasjeteam in man oanhâlden. It team kaam yn aksje nei't de man ien bedrige ha soe mei in fjoerwapen. It giet om in âlder man dy't yn syn eigen hûs siet. De plysje koe gjin kontakt mei him krije, dêrom is it arrestaasjeteam ynset.
Neffens de plysje hat dizze bedriging neat te krijen mei de sjitpartij yn Mearum fan tiisdeitemoarn. Dêr waard in man by it swimbad yn syn wenplak deasketten.