HEA! 50 jier atletyk mei Theo Tjepkema

12 jan 2020 - 14:18

"As jo jesels in bytsje kenne, dan witte je dat der in ein oan komt. En dat is no", seit Theo Tjepkema. Hy hâldt nei 50 jier op as atletyktrainer by Lionitas yn Ljouwert. Tjepkema is yntusken ek al 88 jier. Mar noch altyd stie hy twa kear yn de wike moarns op de baan om de rekreaasjegroepen te trainen.

(advertinsje)
(advertinsje)