Fryske boeren nei Dútslân om te protestearjen

Fryske boeren sille freed nei Bremen ta om te aksjefieren. Dat sei Jitty van der Werf fan Stichting Belangen Agrarysk Fryslân yn in radioprogramma fan lokale omrop Radio Eenhoorn, dêr't sy te gast wie. De organisaasje Farmers Defence Force (FDF) is yn petear mei de Dútske organisatoaren fan it protest.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Op 17 jannewaris hawwe Dútske boeren in aksje pland yn Bremen. Neffens Van der Werf is it in goeie saak dat dêr ek Fryske boeren hinne gean, omdat lânboubelied foaral in Europeeske oangelegenheid is. Boppedat hopet sy op stipe fan Dútske boeren as der yn Nederlân wer aksje fierd wurdt.
Van der Werf hat oanjûn dat sy in koördinearjende funksje hat foar dizze Dútske aksje. Boeren dy't dêr hinne wolle, kinne dat oanjaan by har. It oantal boeren dat der hinne giet, is dus noch net dúdlik.
Bestjoersleden fan it FDF sille freed yn alle gefallen nei Dútslân ta, seit wurdfierder Sieta van Keimpema oan Radio Eenhoorn. Sysels praat de 17e yn Berlyn mei fertsjintwurdigers fan de Dútske boeren.