Bear Boeloe hâldt op nei 25 jier

12 jan 2020 - 11:48

"Bear Boeloe, Bear Boeloe, Boeloe de bear, wat oh wat belibbet er dizze kear." Ferskate generaasjes binne opgroeid mei dat ferske en de aventoeren fan Bear Boeloe. 25 jier nei de start fan it programma yn jannewaris 1995 komt in ein oan de ferhalerige, der wurde gjin nije ôfleveringen mear makke. Dat is snein bekend makke yn it Omropradioprogramma Buro de Vries.

Foto: Omrop Fryslân

"It 25-jierrich jubileum is in moai momint om op te hâlden en op syk te gean nei nije útdagingen", sa fertelt Feije van der Meer, de stim fan Bear Boeloe. Der binne noch 13 nije ôfleveringen makke mei de bekendste bear fan Skiermûntseach, en Fryslân. Dy binne yn de rin fan dit jier op telefyzje te sjen.

Bear Boeloe sil net hielendal út de programmearring stappe by Omrop Fryslân. Sa is hy mei syn freonen noch te sjen yn it berneprogramma Sokkebalje en binne de útstjoeringen online werom te sjen fia Omropfryslan.nl en Skoal.tv.

De alderearste ôflevering fan Bear Boeloe:

By it 12,5- en 20 jierrich bestean is grut en feestlik útpakt, en dat is no mei 25 jier net sa. "We sjogge werom op 25 fantastyske jierren, sjogge der mei in hiel soad wille op werom. Doe't we begûnen, hienen we noait tocht dat it sa rinne soe. Bear Boeloe is in bern fan my wurden, in ûnderdiel fan myn libben", fertelt Feije van der Meer.

Wêrom hâldt it dan no op? "It is foar ús besletten, mar dat is wol goed, want wy koenen it sels net. Wy ha der safolle aardichheid oan dat we ivich trochgean wollen hienen."

Leny Dijkstra woe eins net ophâlde. "It wie altyd in freugde om nei de studio te gean, it wie ek altyd wer aktueel, mei tank oan skriuwster Helena de Boer. We moatte no ôfskied nimme fan Bear Boeloe en al syn freonen."

"We ha in prachtich kreatyf proses hân, dat wie in moaie tiid. Do ûntwikkelest wat en witst sels net wêr't it einiget", seit Helena de Boer. "Ik ha altyd besocht om it orizjineel te hâlden."

Feije van der Meer en Leny Dijkstra - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Hoe is it ûntstien? "Ik tocht: wat sprekt bern oan? Dat wie in bear, en ik prate wolris mei in frou by my yn de strjitte en dy hie in bear dy't fan Boeloe hiet en dy namme mocht ik brûke. As tsjinspiler betocht ik Sipke en Janny de poes. Sa bin ik begûn." Foar in ôflevering makke se sa'n fiif oant acht tekeningen.

Dat Bear Boeloe sa populêr wurde soe, hie se net tocht. "Ik ha oeral wol west, op skoallen om workshops mei de bern te dwaan en foar te lêzen en te sjongen. Dat wie geweldich." Se hâldt fan Bear Boeloe, mar it boeiendste fûn se de figueren deromhinne "Omke Willem en muoike Doet. Dy sil ik it meast misse."

Feije van der Meer, Leny Dijkstra en Helena de Boer oer it ôfskied fan Bear Boeloe

Bear Boeloe en syn freonen - Foto: Omrop Fryslân

Bear Boeloe-wike

Om it 25-jierich jubileum te fieren is der in spesjale Bear Boeloe-wike by Omrop Fryslân. Yn de wike fan 13 oant en mei 17 jannewaris traktearret de Omrop sawol de lytste fans as de gruttere leafhawwers op in fûgelflecht út it bestean fan Bear Boeloe.

Alle dagen is Bear Boeloe mei in pear ôfleveringen werom op de âlde, fertroude tiid: 18.45 oere. De wike begjint mei de alderearste trije ferhalen út 1995 en sil fia lettere ôfleveringen (om de 200e, 400e en 600e hinne) útkomme by de alderlêste twa nije ôfleveringen.

Dêrnjonken meitsje fans yn it radioprogramma Weistra op Wei kâns op offisjele tekeningen fan Bear Boeloe.

Bear Boeloe is it programma fan Omrop Fryslân foar bern fan 3 oant 6 jier. Yn de ferhalen fan Bear Boeloe komme faak maatskiplike ûnderwerpen oan bar, dy't op in moaie manier ferpakt wurde. Sa binne se nijsgjirrich foar de bern, mar mei in knypeach nei de folwoeksenen.

Yn 25 jier tiid hat Helena de Boer, de tekeneresse en skriuwster fan Bear Boeloe, 875 ferhalen makke. Leny Dijkstra en Feije van der Meer ha soarge foar hast 60 stimmen. De rezjy wie al dy jierren yn hannen fan Feije van der Meer.

(advertinsje)
(advertinsje)