Organisaasjes komme mei stappeplan foar natuerynklusive kringlooplânbou

12 jan 2020 - 11:31

Sa'n 50 organisaasjes dy't harren mei natuer, miljeu en lânbou dwaande hâlde, komme mei in tsienstappeplan om natuerynklusive kringlooplânbou te realisearjen. De namme fan it plan is 'De weg vooruit'.

Blommen yn bloei yn natuergebiet Wyldemerk - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

It is in inisjatyf fan ûnder oare Kening fan 'e Greide. It Wereld Natuur Fonds, mar ek It Fryske Gea en Fryske biologyske boeren dogge mei oan dit plan. De organisaasjes wolle mei dit plan gehoar jaan oan de winsk it systeem dat iten produsearret op in wize te dwaan, dêr't de ierde ek yn de takomst libbensfetber mei bliuwe kin. Mei in kringloopkuier op 14 jannewaris wolle de organisaasjes oandacht freegje foar harren tsienstappeplan.

Gau aksje

De kuierders freegje de oerheid om gau yn aksje te kommen, omdat neffens harren it hjoeddeistige systeem net mear hâldber is. Mei it plan dat se opsteld hawwe, wolle se in oanset jaan oan konkreet belied. De kuier set op in pleats yn Delfgauw útein. Dêr presintearre earder minister Carola Schouten har kringloopfyzje, mar neffens de 51 organisaasjes moat der mear dien wurde. De kuier giet nei Den Haag, dêr't it stappeplan oan minister Schouten oerlange wurdt.

Skries yn it boerlân - Foto: Omrop Fryslân

Yn it plan sketse de belutsen organisaasjes in oerkoepeljende fyzje foar de takomst oant 2040. De essinsje is dat Nederlân in natuerynklusyf kringlooplânbou-itenssysteem wurdt. Mei in rike biodiversiteit oan boaiemlibben, planten, ynsekten en greidefûgels. De organisaasjes jouwe oan dat se gjin protestgroep binne, mar meitinke, prate en wurkje wolle oan it útfieren fan belied foar in bettere balâns yn ûnder oare lânbou en natuer.

Urgint boadskip

Maricia de Graaff fan Kening fan 'e Greide is de oanjager fan it inisjatyf. Se is der wiis mei dat safolle organisaasjes harren oansluten hawwe en der in soad tiid en enerzjy ynstutsen hawwe. Se seit dat mei dit ferhaal in hoopfol, mar tagelyk urgint boadskip oan de polityk ôfjûn wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)