Boekekast #16: De koma-korrektor fan Baukje Zijlstra

12 jan 2020 - 10:41

Fynsto it leuk om nei Fryske ferhalen te harkjen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze sechtjinde en lêste Boekekast kinst harkje nei in fragmint út 'De koma-korrektor' fan Baukje Zijlstra. Baukje Zijlstra lêst foar út har eigen boek.

Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Ynje-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him nei de oarloch yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Ynje, mar hat dêr by de Polisjonele Aksjes in befel wegere. Dêrfoar moast er foar de kriichsried ferskine en hat er in jier finzen sitten. Wylst Siemen fertize yn hallusinaasjes yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering.

Dizze ôflevering fan Boekekast is krekt as de oare ôfleveringen te beharkjen op Spotify.

Baukje Zijlstra

De koma-korrektor, yn 2018 ferskynd by de Afûk, is Baukje Zijlstra har debútroman. In jier letter krige sy de Douwe Tammingapriis foar it bêste fan de tsien proazadebuten, ferskynd tusken 2014 en 2019.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechtjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(advertinsje)
(advertinsje)