SC Hearrenfean wint mei 9-0

10 jul 2012 - 21:00

Sportklup Hearrenfean hat de oefenwedstriid yn Dokkum tsjin Be Quick mei 9-0 wûn. Sa'n 1500 taskôgers seagen dat de ploech fan Marco van Basten by it skoft mei 4-0 foar stie. Mark Uth iepene de skoare. Matthew Amoah, Rajiv van La Parra en Hakim Ziyech wiene de oare doelpuntemakkers. Yn de twadde helte in folslein nije Feanster ploech. Samir Fazli (2), Marten de Roon en Oussama Tannane (2) wiene doe de skutters.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)