Spesjale dei om 'Alvestêdekultuer' te behâlden

De earste Dei fan de Alvestêdetocht wurdt woansdei holden yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. De dei wurdt organisearre troch sporthistoarikus Jurryt van de Vooren om de 'Alvestêdekultuer' te behâlden.
Alvestêdetocht 1997 © ANP
It is Van de Vooren syn doel om dizze dei jierliks op 15 jannewaris te fieren. Dat is de datum dat de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden oprjochte is yn it jier 1909. Kommende woansdei fiert de feriening har 111-jierrich bestean. De lêste Alvestêdetocht op redens wie yn 1997.
Neffens Van de Vooren is de Alvestêdetocht net allinne in sportyf evenemint, mar ek kultureel erfgoed. Dy kultuer bestiet út it trochjaan fan ferhalen en oantinkens. "Mensen die de tocht hebben gereden, zien dat vaak als één van hun meest indrukwekkende prestaties," sa seit de histoarikus.
In protte materiaal oer de Tocht der Tochten is opslein yn Fryske musea en argiven. Der wurkje dan ek Fryske argiven mei oan de Dei fan de Alvestêdetocht.