Hûnderten minsken by ôfskied keunstner Sjoerd de Vries op De Gordyk

Op De Gordyk is sneon troch hûnderten minsken ôfskied nommen fan keunstner Sjoerd de Vries. Hy ferstoar ôfrûne tiisdei yn syn wenplak Ljouwert yn 'e âldens fan 78 jier, nei't er al in skoft siik wie.
NOCH Betinking Sjoerd de Vries
By libben hie De Vries regele dat der in ôfskied wêze soe yn de loads fan it bedriuw fan Steven Sterk op De Gordyk. Sterk is in freon fan de keunstner en neamt De Vries in ikoanyske ferskining.
It wie drok by de betinking, der wiene hûnderten minsken dy't ôfskied nimme woene fan de keunstner. De Vries lei yn de útstallingsromte mei dêr omhinne in seleksje fan syn keunstwurken. Dy wurken hie er sels noch útsocht. De Vries wie yn, mar ek bûten Fryslân benammen ferneamd om syn portretten.
Nei de betinking is Sjoerd de Vries yn besletten rûnte begroeven.
© Omrop Fryslân, Alle Faber
Ferslachjouwer Wytse Vellinga spruts krekt foar de betinking mei Steven Sterk