Haadpriis 1 miljoen euro yn Staatsloterij falt yn Noardeast-Fryslân

12 jan 2020 - 07:40

De haadpriis fan 1 miljoen euro yn de Staatsloterij XL is fallen op in lot dat kocht is yn in winkel yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto: Pexels.com

Neffens de Staatsloterij is it winnende lotnûmer CS 45657. De priis is belestingfrij.

De winner wurdt frege him of har te melden by de Nederlandse Loterij om de priis op te heljen. Winners fan sokke grutte prizen krije advys en begelieding.

(advertinsje)
(advertinsje)