Koprinner Solar net oer finish

10 jul 2012 - 20:03

It Private Energy Solar Team út Ljouwert is tiisdei net finishe yn de DONG Energy Solar Challenge. De koprinner en winner fan twa jier lyn moast de striid healweis opjaan troch in stikkene oandriuwmotor.

Tidens de twadde etappe fan Starum nei Boalsert foer de boat nei in herstart oan kop. Tusken Warkum en Boalsert kaam it team yn de problemen. Nei alle gedachten is de oandriuwmotor te hyt wurden. Woansdei is in rêstdei. It is noch mar de fraach of't de boat tongersdei meidwaan kin oan de tredde etappe.

(advertinsje)