UNIS Flyers winne ienfâldich fan Dútske Herford Ice Dragons

11 jan 2020 - 22:31

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe sneontejûn in ienfâldige oerwinning boekt yn de Inter Region Cup. Op Thialf wie de Fryske ploech fan It Hearrenfean mei 6-1 te sterk foar Herford Ice Dragons út Dútslân.

UNIS Flyers yn in eardere wedstriid - Foto: Orange Pictures

Nei de earste perioade stie der in 3-1 foarsprong op it boerd troch goals fan Jord Smit en Ronald Wurm (twa kear). Yn de twadde perioade waard de foarsprong tsjin de hikkesluter fan de ynternasjonale kompetysje fergrutte ta 5-1, troch doelpunten fan Trevor Petersen en Adam Bezak. Wurm makke der yn de tredde en lêste perioade noch 6-1 fan, wêrmei hy syn hattrick kompleet makke.

Troch de oerwinning klimt UNIS Flyers fan it fiifde nei it fjirde plak. De Fryske iishockeyers hawwe alve punten út fiif wedstriden. Sneintejûn komme de Flyers alwer yn aksje yn de Inter Region Cup. Dan is nei in reis fan 212 kilometer it Dútske Dinslakener Kobras de tsjinstanner.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)
(advertinsje)