Basketballers Aris pakke tsjin Den Helder tredde oerwinning fan it seizoen

11 jan 2020 - 21:50

Aris Ljouwert hat sneontejûn foar de tredde kear dit seizoen wûn. Yn it Kealledykje wiene de basketballers mei 78-67 te sterk foar Den Helder Suns.

Arunas Mikalauskas fan Aris Ljouwert - Foto: Orange Pictures

De Ljouwerters setten goed útein. Nei it earste kwart stie der in 21-11 foarsprong op it boerd. Dy foarsprong waard yn it twadde kwart noch trije punten grutter en dus gie Aris mei in 42-29 foarsprong oan de tee.

Den Helder goed út klaaikeamer

De ploech út Noard-Hollân kaam nei it skoft lykwols goed út de klaaikeamer. De foarsprong fan de Fryske ploech waard ferlytse ta sân punten: 55-48. Aris joech de oerwinning yn it fjirde kwart lykwols net mear út hannen en rûn úteinlik sels út nei in einstân fan 78-67.

By Aris waard Andy Mazurczak mei mar leafst tweintich punten de topskoarer. By de Den Helder Suns wie Boyd van der Vuurst de Vries mei santjin punten de bêste skutter.

Troch de oerwinning stiet Aris no mei seis punten út sechstjin wedstriden op it achtste plak yn de Dutch Basketball League. Allinnich Apollo út Amsterdam docht it mei fjouwer punten minder goed as de Fryske ploech. Aris moat by de earste seis komme om mei te dwaan oan de play-offs om it lânskampioenskip. BAL Weert stiet no mei tolve punten op dat plak.

(advertinsje)
(advertinsje)