Reedrydbûnen min te sprekken oer útlittingen Jillert Anema

It ynternasjonale reedrydbûn, de ISU, en de Nederlânske KNSB binne net bliid mei de útspraken fan reedrydcoach Jillert Anema. De coach fan Team easyJet makke him ôfrûne woansdei yn Weistra op wei lilk oer de organisaasje fan wrâldbekerwedstriden.
Reedrydcoach Jillert Annema © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Anema sei ferline wike by ús dat de basis fan it reedriden ûndermine wurdt troch flauwekul. "Dan moatte we wer nei Verweggistan. It binne kloatereizen", sa spruts de reedrydcoach him út.
Ek minsken fan de organisaasje moasten it ûntjilde mei foarse útspraken fan Jillert Anema. "It is eins in ferskriklik fak, en it wurdt bepaald troch minsken dy't ús ergens hinne stjoere omdat se dan sels op de ien nei heechste ferdjipping fan in grut flatgebou sitte kinne yn in hotel dêr't de boppeste ferdjipping in stripteaseklup is. Dat fine se moai."

Mienskiplike ferklearring

De ISU en de KNSB hawwe yn in mienskiplike ferklearring witte litten dat se de útspraken fan Anema ôfkarre. "De ISU en de KNSB hebben met afkeuring kennisgenomen van recente uitlatingen van trainer-coach Jillert Anema. Zijn woorden over de hotelkeuze van officials vinden wij ongepast."
Lês hjirûnder de folsleine reaksje fan it reedrydbûn KNSB en de ynternasjonale ISU:
De ISU en KNSB hebben met afkeuring kennisgenomen van uitlatingen die trainer-coach Jillert Anema recent deed voor de camera van Omrop Fryslân. Zijn woorden over de hotelkeuze van officials vinden wij ongepast.
Wat betreft Anema's kritiek op de ISU World Cups: De KNSB is al enige tijd constructief met de ISU in gesprek over verdere ontwikkeling van World Cup-format.
De KNSB heeft de ISU op de hoogte gesteld van zijn reactie op de uitlatingen van Jillert Anema's, een van de Nederlandse coaches dit weekeinde bij de ISU EK Afstanden in Heerenveen.