LDODK ferliest kopposysje nei nederlaach tsjin TOP Sassenheim

11 jan 2020 - 21:05

De kuorballers fan LDODK binne net langer koprinner yn de Kuorbal League. It duel mei de nûmer twa, TOP Sassenheim, einige yn it foardiel fan de thúsploech: 27-21.

Foar oanfang fan de wedstriid waard al dúdlik dat LDODK ien fan syn bêste spilers misse moast: Erwin Zwart. Hy hat lêst fan syn achillespees en die dêrom net mei yn Sassenheim.

Lang lykop

Healweis de earste helte stie it 4-4 yn dit duel tusken TOP en LDODK. By de tee hiene de beide teams dêr noch itselde tal goals oan taheakke: 8-8. Ek nei it skoft bleau it spannend, oant 15-15. Dêrnei wie de thúsploech oppermachtich. Mei seis rappe doelpunten op rige waard LDODK op in foarse ôfstân set. Dat grutte ferskil koe de ploech fan trainer Henk Jan Mulder yn de slotfaze net mear goedmeitsje. It waard úteinlik 27-21 yn it foardiel fan TOP Sassenheim.

By LDODK foel Eline Haan yn de twadde helte yn foar Marloes Frieswijk. Haan waard topskoarder mei 4 goals, like folle as André Zwart. Lieneke Pries en Diana van der Vorst wienen beide goed foar trije treffers.

By TOP skoarden Mick Snel en Tim Floksta elk fiif kear, en Jet Hendriks makke fjouwer goals.

De kuorballers fan TOP út Sassenheim spylje al sûnt 2008 yn de Kuorbal League. De feriening Tot Ons Plezier hat fiif kear kampioen fan Nederlân west, de lêste kear wie yn 2018. Yn acht seizoenen Kuorbal League hat TOP Sassenheim mar ien kear ferlern fan LDODK (desimber 2016, 22-26). LDODK'er Friso Boode hat yn it ferline by TOP spile en waard dêr twa kear nasjonaal kampioen, yn 2014 en 2016. Boode (31) spilet no foar it fjirde jier by LDODK en set nei dit seizoen in punt achter syn karriêre as topkuorballer.

Foto: www.orangepictures.nl

Stân Kuorbal League healweis de kompetysje

Stân Kuorbal League nei 9 duels Wedstriden Punten
1. TOP (Sassenheim) 9 15
2. LDODK 9 14
3. PKC (Papendrecht) 9 13
4. KZ (Koog aan de Zaan) 9 12
5. Fortuna (Delft) 8 9
6. DOS'46 (Nijeveen) 9 9
7. DVO (Bennekom) 9 7
8. Blauw Wit (Amsterdam) 9 5
9. Tempo (Alphen a/d Rijn) 8 2
10. Groen Geel (Wormer) 9 2
(advertinsje)
(advertinsje)