Manon Kamminga twadde by maraton yn Grins, ploechgenoate Vormeer wint

Manon Kamminga fan It Hearrenfean hat sneontejûn yn Grins by de tsiende wedstriid fan de KPN Marathon Cup in twadde plak behelle. De winst gie yn Kardinge nei in massasprint nei har ploechgenoate Imke Vormeer. Elsemieke van Maaren waard tredde.
Imke Vormeer (l) en Manon Kamminga © Orange Pictures
Vormeer nimt troch har oerwinning de lieding yn it klassemint oer fan Kelly Schouten, dy't in pear ronden foar de streek foel. Kamminga klimt troch har twadde plak fan it sechsde nei it fiifde plak yn it algemien klassemint.

Manlju

By de manlju wie Gary Hekman de rapste. Mats Stoltenborg waard twadde en it tredde plak wie foar Sjoerd den Hertog. It trijetal pakte in ronde op it peloton en dus makken sy mei syn trijen de striid út. Nederlânsk kampioen Hekman wie yn it sprintsje úteinlik de rapste. Jouke Hoogeveen, dy't berne is yn Drylts mar no yn Amsterdam wennet, waard fjirde.
De winner fan ôfrune wykein op It Hearrenfean, Jorrit Bergsma, stie fanwegen it Europeesk kampioenskip op de langebaan net oan de start yn Grins.