Ungelok by Stienwyk: A32 yn de rjochting fan Fryslân ôfsletten

Ferkear fan Zwolle yn de rjochting fan Fryslân moat sneontejûn rekken hâlde mei fertraging. Troch in slim ûngelok by Stienwyk is de A32 rjochting Fryslân ôfsletten.
© ProNews
Der hat in ûngelok mei meardere auto's west. It soe gean om yn totaal seis auto's. Oer mooglike ferwûnen is noch neat dúdlik. In berger is oproppen om de dyk wer frij te meitsjen.