Frjentsjerter lêst Bibel yn tachtich oeren: "Bin noch ferrassend fit"

1700 siden yn minder as tachtich oeren: Jeroen voor 't Hekke út Frjentsjer lies dizze wike de Bibel foar op it ynternet. Hy hope mei syn aksje jongerein te berikken en entûsjast te meitsjen om de Bibel te lêzen. "Want je kunt er veel uit halen", sa fynt er sels. "Wat me vooral bij is gebleven zijn de details waarin alles in de Bijbel is beschreven."
Jeroen voor 't Hekke is klear mei bibel lêzen
"Ja kom Here Jezus. Ik wens jullie toe dat de heer Jezus Christus goed voor jullie is." Mei dy wurden slút Jeroen voor 't Hekke syn wike fan bibellêzen ôf. Hy sit yn in eigen studio op it yndustryterrein fan Frjentsjer mei in goed team om him hinne.

Krekt wat útrûn

Under grut applaus leit Jeroen de Bibel foar him del. Nei tachtich oeren is in ein kommen oan it lêzen. "Het liep wel iets uit hoor", laket Jeroen, wylst syn bern him om 'e nekke fleane. "De planning hadden we een beetje op de gok gemaakt, want dit weten we niet exact natuurlijk. Maar ik voel me nu nog verrassend fit."
Jeroen en de bibel © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Jeroen hat syn aksje folbrocht om omtinken foar de Bibel te freegjen. Hy wol jongerein ferbine mei de Bibel en hy hopet dan ek dat se entûsjast wurde oer it leauwe. "Er staan zoveel bijzondere dingen in waar je in het dagelijks leven ook veel aan kunt hebben", seit Jeroen. "Bijvoorbeeld dat je je naasten lief moet hebben."

YouTube

De stream op YouTube smiet aardich wat sjoggers op. Sa'n 2.000 minsken deis seagen hoe Jeroen syn taak folbrocht. Hy hâldt der dan ek flink wat reaksjes oan oer. "Mensen die iedere dag weer terugkomen om te kijken hoe het met me gaat", seit Jeroen grutsk. "Dat maakt wel wat los. Daarnaast kreeg ik een reactie van iemand die met zijn volledige familie in de huiskamer naar me zat te kijken. Dat is wel echt bijzonder."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Jeroen wit net alles mear wat hy lêzen hat. "Als je het hebt over de tempel, staan er zoveel details in en dan valt je ook op dat er later dingen weer terugkomen."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Jeroen voor 't Hekke
Ut al dy teksten kaam wol in favoryt nei foaren. "Waar ik naar uitkeek was het einde van Job. Job is een boek waarin heel veel ellende staat over wat die beste man allemaal overkomt. Op het moment dat hij zijn geloof dreigt te verliezen, spreekt God hem toe. Dat is zo bijzonder."
Neffens Jeroen is it foar jongerein dan ek in les. "Altyd je leauwe oanhingjen bliuwe, dan komt der fansels in protte goed."