Drachtster Boys opnij winner fan IFK sealfuotbal

11 jan 2020 - 18:49

De froulju fan Drachtster Boys hawwe harren titel op it iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal mei sukses ferdigene. De Drachtsters wiene yn de finale mei 1-0 te sterk foar Libertas út Driezum. By de manlju wûn Drs. Vijfje út Grins.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Visser

Drachtster Boys hie it dreech tsjin it ferrassende Libertas. Dy lêste klup waard ferline jier oprjochte en debutearre dus op it IFK. Harren debút ferrûn hiel goed en nei't se yn de heale finale nei strafskoppen te sterk wiene foar Drs. Vijfje, mochten se sels yn de finale spylje tsjin it op it heechste nivo útkommende Drachtster Boys.

By it skoft wie it noch 0-0. Krekt nei it skoft kamen de Drachtsters dochs op foarsprong troch in eigen goal. Drachtster Boys wist dy foarsprong te behâlden en wûn dêrmei it IFK foar de achtste kear yn tsien jier.

De Herauten sulver nei strafskoppen

By de manlju pakte Drs. Vijfje de oerwinning. De Grinzers wûnen nei in spannende finale fan De Herauten út Burgum. Yn de finale kamen de Grinzers al rap op foarsprong, mar yn de lêste minút waard it dochs noch gelyk.

It rûn dus út op strafskoppen en dy naam Drs. Vijfje krekt wat better (3-2). Wykels Hallum pakte it tredde plak. Favoryt Leekster Eagles moast al earder nei hûs. Dy ploech waard diskwalifisearre nei't se de skiedsrjochter intimidearren, nei't dy in reade kaart oan harren keeper joech.

(advertinsje)
(advertinsje)