Archeologysk ûndersyk Opst'lân

10 jul 2012 - 19:11

De provinsje en de gemeente Opsterlân lûke 120.000 euro út om archeologysk ûndersyk te dwaan yn de gemeente. Se dogge dat sadat archeologysk weardefolle saken better beskerme wurde kinne. Boppedat wurdt de kâns op ûnnedich ûndersyk lytser.

Yn Opsterlân wenje al hiel lang minsken. De âldste bekende fynsten komme út de stientiid. In foarbyld is in fûstbile dy't troch Neandertalers makke is. It ûndersyk rint oant ein 2014, de gemeente en provinsje betelje elts de helte fan de kosten.

Trefwurden: 
archeologysk ûndersyk
(advertinsje)