Matthys 504 wint jierlikse Hynstekeuring yn Ljouwert

11 jan 2020 - 17:56

De hynst Matthys 504 fan de stâl Van Manen is sneontemiddei by de jierlikse Hynstekeuring yn it WTC Expo yn Ljouwert algemien kampioen wurden. Reservekampioen waard Nane 492. De kampioen fan de ôfrûne trije jier, Jurre 495, slagge der net yn de finale te heljen.

De bekendmakking fan algemien kampioen Matthys 504:

By de âldere hynsten wie it earder tige spannend. De striid om de priis gie tusken Fonger 478 en Jehannes 484. Oer beide hynsten wie de sjuery bot te sprekken. Uteinlik waard keazen foar de hynst dy't mei syn foar- en achterfoet it bêst wie: Jehannes. Hy waard kampioen by de âldere hynsten. Fonger 478 waard útroppen ta reservekampioen.

De winner by de âldere hynsten:

Matthys 504 waard kampioen by de jonge hynsten. It totaalpakket fan de hynst foel it meast yn 'e smaak by de sjuery. It wie in moaie rubryk en de hynsten hiene in goeie stap en draaf. It reservekampioenskip gie nei Nane 492.

Gjin priis foar Jurre 495

De algemien kampioene fan de ôfrûne trije jier, Jurre 495, grypte al gau neist in priis nei in minder goed optreden yn de finale by de jonge hynsten.

De winner by de jonge hynsten:

Foar mear fideo's en argyfmateriaal fan de Hynstekeuring én de Frisian Proms, sjoch op omropfryslan.nl/hynstekeuring.

(advertinsje)
(advertinsje)