Kramer pakt EK-sulver op 5.000 meter, Roest wint mei nij baanrekôr

Sven Kramer fan It Hearrenfean hat sneontemiddei op it EK ôfstannen yn Thialf in sulveren medalje pakt op de 5.000 meter. Mei in tiid fan 6.10,76 wie hy hast twa sekonden stadiger as Patrick Roest, dy't mei 6.08,92 in nij baanrekôr ried. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn foel mei 6.12,51 krekt bûten it poadium.
In sulveren medalje foar Sven Kramer op de 5.000 meter:
Sven Kramer
Kramer kaam al yn de twadde fan acht ritten yn aksje tsjin de Dútser Felix Maly. De Fries sette mei, op dat momint, de alfde tiid ea riden yn Thialf direkt in skerpte tiid del. Regearend wrâldkampioen op dizze ôfstân, Sverre Lunde Pedersen, kaam der yn rit fjouwer mei 6.14,58 dan ek net oan.

Baanrekôr

De titel waard lykwols yn de sechsde rit ferjûn, doe't Patrick Roest mei 6.08,92 it baanrekôr mei fjouwer hûndertsten ferbettere. Yn de lêste rit besocht Jorrit Bergsma noch in oanfal te dwaan op dy tiid, mar yn dy race waard hy yn de slotfaze foarby riden troch de Rus Denis Joeskov, dy't dêrmei it brûns pakte.
Jorrit Bergsma oer syn rit op de 5.000 meter:
Jorrit Bergsma