Harkemase Boys yn Fryske derby krekt te sterk foar ONS Snits

11 jan 2020 - 18:20

Harkemase Boys hat sneontemiddei de Fryske derby yn de tredde difyzje wûn. Op sportpark de Bosk wie de nûmer fjouwer fan de kompetysje mei 3-2 te sterk foar hikkesluter ONS Snits.

In gearfetting fan de Fryske derby:

De thúsploech kaam al nei trettjin minuten op foarsprong troch Mark Bruintjes. De middenfjilder, dy't noch nea earder skoarde foar de Harkiten, skeat in hoekskop yn de fiere hoek oer doelman Justin van der Dam. Fiif minuten letter koe ONS Snits wer op likense hichte komme fia Ruendel Martina, mar syn ynset waard op de line keard troch Willem Huizing.

De Snitsers tochten yn de 25e minút noch de 1-1 te meitsjen doe't Han van Dijk de rebound op in skot fan Genride Prijor efter keeper Erick Jansema krige, mar it doelpunt waard ôfkard fanwegen bûtenspul. De grutste kâns op de lykmakker kaam lykwols yn de 35e minút. Iloba Achuna makke yn it strafskopgebiet in oertrêding op Martina en dus krigen de besikers in penalty. Dyselde Martina slagge der lykwols net yn it bûtenkânske te fersulverjen: de penalty waard keard troch doelman Jansema.

ONS bliuwt op syk

De syktocht nei de lykmakker foar ONS Snits gie nei it skoft ûnfermindere troch. De earste kâns nei de tee wie dan ek foar de ploech út Snits, mar Van Dijk koe krekt net by in foarset fan Tyson dos Santos komme. Yn de 55e minút krige ONS lykwols in grutte klap te ferwurkjen, doe't Robert Stelpstra de skoare ferdûbele: 2-0.

Trainer Willem Brouwer fan Harkemase Boys:

De Snitsers wiene lykwols noch net knock-out troch dy klap, want yn de 68e minút kamen de besikers wer werom ta 2-1 troch in goal fan Prijor. Hy skeat de bal nei in foarset fan Oege Sietse van Lingen foarby keeper Jansema, dy't by dy goal blessearre rekke en dêrtroch de wedstriid net ôfmeitsje koe.

De beslissing yn de wedstriid like te fallen yn de 88e minút, doe't Berwout Beimers der 3-1 fan makke. Mar op 'e nij toande ONS fearkrêft troch fia Nick Kuipers direkt wer wat werom te dwaan: 3-2. Yn de blessueretiid mocht in slotoffinsyf fan trainer Paul Raveneau, dy't noch twa oanfallende wiksels brocht, net mear bate en dus bleaune de trije punten op De Bosk.

Harkemase Boys klimt

Troch de oerwinning klimt Harkemase Boys nei it tredde plak yn de kompetysje. Direkte konkurrint Odin '59 ferlear op besite by DVS '33 Ermelo mei 4-1 en bliuwt derom hingjen op 31 punten. Harkemase Boys hat no 32 punten út sechstjin wedstriden.

ONS Snits bliuwt troch de nederlaach op it lêste plak, mei twa punten efterstân op foarlêste VVOG en seis punten efterstân op de neikompetysjeplakken foar liifsbehâld.

Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)