FIDEO: Jasper 366 yn it sintsje set op syn lêste Hynstekeuring

11 jan 2020 - 15:46

De hynst Jasper 366 wurdt dit jier 25 jier âld. Noch hieltyd is hy dé publyksfavoryt op de Hynstekeuring yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dit jier is Jasper 366 foar it lêst oanwêzich foar it publyk. Mar dat bart net sûnder huldiging foar al syn fertsjinsten.

Foar eigener Teake Wijma is it in hiel spesjaal momint. "Dat it publyk dit allegear foar ús docht, dêr wurde wy hiel emosjoneel fan. We hawwe wolris in oanbieding krigen om him te ferkeapjen, mar dan hiene wy nea mear wille fan him hân. Dan soe hy yn it bûtenlân terjochte kommen wêze."

(advertinsje)
(advertinsje)