Doniahal yn Sint-Nyk noch oant de simmer ticht: "Wy misse ús publyk"

11 jan 2020 - 15:34

De Doniahal yn Sint-Nyk is noch oant de simmer ticht. Yn novimber brânde de hal folslein ôf en dat soarge foar grutte skea. It dak moast iepen en de flier hat te lijen hân fan it wetter.

Dy skea oplosse kostet in protte tiid en dus is no besletten om de hal oant de simmer ticht te hâlden. Dat betsjut dat it seizoen fan benammen de follybalklup net yn Sint-Nyk sels spile wurde kin.

Oant de simmer ticht

Tsien grutte fentilatoaren stean op de flier fan de sporthal te blazen. Dy soargje dat de flier wer drûch wurdt, want dy hat in bêste klap hân troch de brân. "De brân op himsels wie net it probleem," seit Auke ten Hage fan de gemeente.

"Mar it dwêsten derfan hat in protte ynfloed hân. De flier is troch it wetter op tal fan plakken bol stean gien. Dêrom hawwe wy besletten om dizze earst te drûgjen", seit Ten Hage wylst hie oer de flier rint. "Pas dan kinne wy sjen oft dizze noch te rêden is."

"Hoelang dat drogen duurt, weten we nog niet en dus hebben we besloten om de zaal tot aan de zomer dicht te houden", follet wethâlder Jos Boerland oan. "Mocht deze toch eerder open kunnen, dan doen we dat natuurlijk ook."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de Doniahal

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It dak fan de hal is iepenbrutsen, want dêr moasten de brânwachtminsken by om dwêste te kinnen. "Sjochst no dat it dak dus flinke skea hat", seit Auke ten Hage. Hy is drok dwaande om de hal wer op te kreazjen. "Mar de grutste skea sit benammen yn de saken dy't je net sjogge."

Stjonke

Auke rint in trep op om de skea goed oan te wizen. "Hjirefter sit noch allegearre isolaasje. We witte net wat dêr noch fan te rêden is en wat net. Dat moatte wy útsykje." Njonken dat stjonkt it ek bot yn de hal. "Dy lucht komt fansels ek troch de brân. Ast efkes binnen bist wenst deroan, mar noflik is it net."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De follybalklup fan Sint-Nyk brûkt de hal gewoanwei altyd yn de winter. No se der net telâne kinne, binne se yn oare doarpen fan De Fryske Marren te finen. "We gean nei Balk, De Lemmer en aanst ek nei Sleat", begjint foarsitter Frits Sybesma syn ferhaal. "Dochs is it wol spitich dat wy no net thús spylje, want je misse je publyk wol in protte. Dy kinne by in wedstriid krekt efkes it ferskil meitsje."

Oare hal net altyd maklik

Sybesma moast troch de brân fluch reagearje en in oar plak foar de spilers sykje. Dat slagge neffens him wol, mar wie net altyd even maklik. "Foar de âldere spilers is it wat makliker om nei in oar doarp te riden, mar foar de jongerein sûnder rydbewiis wurdt it in oar ferhaal. Derfan moatte heit om mem wer efkes bringe. Dat is somtiden wol wat dreech. Hooplik kinne we fluch wer yn de hal."

Wat betsjut it no foar de de ferieningen yn de hal?

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Trefwurden: 
brân Sint-Nyk Doniahal
(advertinsje)
(advertinsje)