Femke Kok fjirde op 500 meter en wrâldrekôr junioaren: "Hie ik nea tocht"

"It lêste stik tocht ik: gie it wol sa goed? Mar doe't ik oer de finish kaam en myn tiid seach: echt super moai!" Dat sei de 19-jierrige Femke Kok fan Nij Beets sneontemiddei nei ôfrin fan de 500 meter op Thialf. Sy helle dêr, as junioare, op it EK ôfstannen it fjirde plak op de 500 meter. Se ried in persoanlik rekôr fan 37.66 en dat is tagelyk ek it wrâldrekôr junioaren.
Femke Kok hie nea tocht dat se sa goed meikomme koe:
Femke Kok fjirde op 500 meter, mar pakt wol wrâldrekôr by junioaren
De Russyske Olga Fatkoelina ried har mei in winnende tiid fan 37.40 noch wol fan it poadium. Mei har tiid wie se 0.09 rapper as de Eastenrykske titelhâldster Vanessa Herzog. Angelina Golikova út Ruslân waard tredde.

"Geniete fan it publyk"

Foar de jonge Femke Kok is it in hiele prestaasje. "Ik bin hiel tefreden en it is ek in hiele ear." Hoe't it komt dat se sa goed riden hat? "Omdat ik ûntspannen wie. En ik haw geniete fan it publyk. Dat hat echt wol meiholpen hjoed."
It wrâldrekôr junioaren komt foar har as in grutte ferrassing, mar ek it feit dat se sa ticht by it poadium siet. "Dat hie ik nea tocht. Wa wit foar de kommende jierren, dan kin ik my noch genôch ferbetterje. En dat ik noch sa jong bin? Moai dochs! Dan kin ik noch even mei!"

De Jong: "Tefolle flaters"

Letitia de Jong fan Feanwâlden waard sechsde mei 38.19. Mei dy tiid koe se nei ôfrin net tefreden wêze. "It wie gewoan net goed. Der sieten tefolle flaters yn myn rit en ik ried net stabyl. Dan kinst in goeie 37'er wol ferjitte."
Letitia de Jong makke tefolle flaters op de 500 meter:
Letitia de Jong