Hely hellet pasjint fan skip

© Omrop Fryslân
In helikopter fan de fleanbasis Ljouwert is tiisdei oan de ein fan de middei ynset om in pasjint fan in skip te heljen. Tsjin fjouweren waard der kontakt opnaam mei it Kustwachtsintrum yn Den Helder om't in opfarrende fan de tanker 'Wapen von Augsburg' him net goed fielde.
Nei oerlis mei in dokter waard konkludeard dat de man nei alle gedachten in blinetermûntstekking hie. Dêrop is de helikopter fan de fleanbasis Ljouwert ynset om de man fan board te heljen en nei it Erasmus sikehûs yn Rotterdam te bringen.