Brânwacht rydt út foar brân by boerebedriuw Easthim

11 jan 2020 - 12:23

De brânwacht is sneon útriden foar in brân by in boerebedriuw oan de Alde Skatting yn Easthim. De brân soe ûntstien wêze yn de dongkelder, troch slypwurksumheden yn de stâl.

Foto: Kappers Media

It fee yn de stâl koe der op tiid út helle wurde. Der wie ien brânwachtauto ynset en in twadde stie standby.

Neffens de brânwacht gie it om in lytse brân en wie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
brân Easthim dongkelder
(advertinsje)
(advertinsje)