Kaartferkeap oan freonen Slachtemaraton "giet hartstikke bêst"

11 jan 2020 - 11:48

De kaartferkeap foar de freonen fan de Slachtemaraton giet hurder as fjouwer jier lyn. Dat sei foarsitter Anne Jochum de Vries sneontemoarn doe't de kaartferkeap in pear oeren oan de gong wie. Op dat stuit wiene der al mear kaarten ferkocht as op itselde momint yn 2016. De Slachtemaraton is dit jier op 13 juny.

Slachtemarathon - Foto: Omrop Fryslân

De kaartferkeap foar de freonen gie om moarns om seis oere los en it wie foar de organisaasje foaral spannend om te sjen oft it bestelsysteem wurke. Minsken dy't meirinne of -drave wolle, kinne online in formulier ynfolje. Ek as der tûzenen tagelyk dwaande binne op de webside, ferrint dat neffens De Vries sûnder problemen. "Foar ús wie de grutste fraach: wurket it systeem goed, is it foar de minsken te begripen en komme se maklik troch it ynfoljen fan it formulier hinne. En dat giet hartstikke bêst."

De freonen ha de hiele wike de tiid om kaarten te bestellen. Neffens De Vries binne der genôch kaarten en kinne se rêstich oan dwaan. "Tagelyk is it hiel moai om te sjen hoefolle minsken der moarns om seis oere fuortendaliks op de bestelsite dûke. Op in bepaald stuit hiene we al samar in tûzen minsken op de site."

Freonen meie twa kaarten de persoan bestelle en de measten dogge dat ek, seit De Vries. Yn totaal binne der 13.500 kaarten foar kuierders beskikber en 2.000 foar hurddravers. De Slachtemaraton hat rûchwei 2.500 freonen. De Vries ferwachtet dat tusken de 3.500 en 4.000 kaarten troch de freonen besteld wurde.

Nije wike wol flot derby

Minsken dy't op sneon 13 juny meidwaan wolle oan de Slachtemaraton, mar gjin freon binne, kinne har fan nije wike sneon ôf ynskriuwe. De kaartferkeap set dan ek om 06.00 oere útein. De Vries jout it advys om der dan wol al flot by te wêzen. "Us ûnderfining is dat dy kaartferkeap oer it algemien hurd ferrint en dan rinne de starttiden ek hurd op." Der wurdt yn groepen fan 500 kuierders start en de measte dielnimmers wolle al betiid fuort.

Foarsitter Anne Jochum de Vries fan de Slachtemaraton oer de kaartferkeap

(advertinsje)
(advertinsje)