Mühren oer ferlies Cambuur tsjin Volendam: "Redelijk spel, maar vaak verkeerde keuzes"

11 jan 2020 - 09:44

SC Cambuur is freedtejûn, nettsjinsteande in ferskaat oan kânsen, tsjin in pynlik ferlies oanrûn yn eigen hûs. FC Volendam wie mei 1-2 te sterk. Spits Robert Mühren makke krekt nei it skoft de 1-1, mar dy waard ôfkard om bûtenspul. Mühren hie oan 'e ein fan de wedstriid ek noch de 2-2 op 'e skoech, mar koe it puntsje foar Cambuur net rêde.

"De ballen gingen er niet in, vrij simpel", seit Mühren oer de miste kânsen yn de wedstriid. "Het spel was nog wel redelijk. In de eerste helft maakten we vaak verkeerde keuzes over welke kant we moesten opbouwen, in de tweede helft hadden we wel wat meer grip. Volendam heeft gewoon een heel aardige ploeg en ze zijn heel gevaarlijk in de omschakeling. Een 2-2 zat er niet in, maar die hadden we misschien wel verdiend."

Foto: www.orangepictures.nl

Neffens trainer Henk de Jong hie Cambuur in lyk spul absolút fertsjinne, mar rûn it hieltyd wer oars. "Yn de twadde helte krijst 'm wer tsjin. Ungelokkich, hotseknots, en hy giet deryn. Ja, dan rinst natuerlik achter de feiten oan. Dêrnei ha we wol kânsen hân, allinnich it falt krekt net goed."

Cambuur hie al alve punten yn it klassemint pakke kinnen, mar de winterkampioen stiet no op fiif. De Jong bliuwt lykwols rêstich: "Ik wit dat we in hiel gewoan, normaal team ha, dêr't we it geweldich mei dogge. Dat hiene we in heal jier lyn noait tocht. We moatte gewoan fan wedstriid ta wedstriid en dan stiet it op in gegeven momint presys sa as it moat."

De Ljouwerter klup hie minimaal rjocht op in lyk spul, seit ferdigener Doke Schmidt. Dochs lei neffens him de skuld foar it ferlies benammen by Cambuur sels. "Volendam was effectiever, we kunnen het onszelf zeker verwijten."

(advertinsje)
(advertinsje)