Kollum: "Australysk regear hat bûter op de holle"

11 jan 2020 - 08:35

"In wike as wat lyn spruts ik immen dy't in soad wit fan nije enerzjy. Hoewol, nij is sinne- en wynenerzjy fansels net. Sjoch mar nei alle mûnen dy't hjir yn Fryslân al iuwen brûkt wurde om de wetterstân op peil te hâlden. De sinne soarget derfoar dat alles groeit, waarm wurdt en frucht draacht. Dat sil dochs earne wat mei enerzjy te krijen ha, dêr hoege je net foar studearre te hawwen.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

It wie sa'n dei dat je de winter misse. Krekt wol en krekt net drûch, mar earder wetterkâld as oars wat dat op froast liket. Nei in bakje kofje besleaten we om der mar op út te gean. Rinnendewei troch de dunen en lâns de Noardsee is ideaal om in djipgeande diskusje te hawwen. Op in heech dún tusken Zandvoort en IJmuiden seagen we oan de iene kant de rikjende skoarstiennen fan Tata Steel, oan de oare kant koenen we krekt de oerkaping fan de haadtribune fan it sirkwy fan Zandvoort sjen. It stikje lânskip tusken dizze twa fersmoargjende ynstituten is beskerme natuergebiet.

Sa typysk Nederlânsk kinne je it hast net ergens oars fine. Yn ús oanharke lân is alles ynkleure. De banaliteit fan Nationaal Park Kennenmerduinen is fan dat hege dún ôf yn ien kear te sjen. Op dy postsegel meie herten en Skotske heechlanners wat omtoarkje, as der te folle komme wurde de jagers ynskeakele om der wat by wei te sjitten. As de wyn ferkeard stiet, rûke je de heechovens, as de wyn de oare kant út waait is de takkeherje fan de race-auto's op it prins Bernard jr. hobbyrûntsje sa oerhearskjend, dat der gjin aardichheid mear oan is om op snein in slach om mei frou en bern, sa fertelde ús rinselskip. Se tochten deroer om yn maaie, by de heechmis fan de raceboel, harren hûs mar as Airbnb oan te bieden, dan leveret al dy ergernis dochs noch wat op.

It praat kaam op de freeslike boskbrânen yn Australië. Myn gesprekspartner wie klip en klear oer hoe't de oerheid down under mei de hjoeddeistige enerzjyfraachstikken omgiet. Australië hat alle potinsje om wrâldwiid lieder te wurden yn duorsume enerzjy. We witte allegearre wol fan de twajierlikse sinne-autorace dy't se dêr organisearje, mar dêr bliuwt it dan eins ek by. De oerheid ferdommet it om al dy frije en fergeze sinne dy't it kontinint yn oerfloed beskynt, om te setten yn stroom.

De wichtichste oarsaak hat fansels mei jild te krijen. Stienkoal smyt jild op. It konservatyf tinkende regear lit dêrmei de grutte kâns lizze om fan Australië gidslân te meitsjen yn it oplossen fan de fossile fraachstikken. Yn teory soe Australië leveransier wurde kinne fan alle stroom dy't we op dizze wrâld brûke moatte. Dêr sitte kwa transport nochal wat tûkelteammen oan, mar it is yn prinsipe mooglik.

Sinne- en wynenerzjy kinne ynkoarten sa goedkeap wurde, en der komt sa'n stik oerkapasiteit, dat sels it oerweagen fan it trochgriemen mei fossyl opwekte stroom eins in strafber feit wurde moatte soe. En nukleêre stroom wurdt yn ferhâlding mei de oare mooglikheden fierstente djoer, dus de problematyk mei it opslaan fan ôffal datoangeande kinne we better net iens mear oer neitinke.

En wat is dan it probleem, doch it gewoan en klear is it, hear ik jim tinken? No, de omslach fan hoe't we no mei enerzjy omgean en hoe't dat yn de takomst gean sil, freget ek fan de leveransiers in nije wize fan tinken. Miskien is der foar harren wol hielendal gjin plak mear, of in hiele oare rol yn it nije model. Pas as dêr in 'verdienmodel' yn fûn is, sille wy as gewoane stervelingen allegearre ús aai bakke op nije stroom. Want it giet úteinlik allegearre, sa as altyd, gewoan om jild. Sjoch mar nei Australië."

(advertinsje)
(advertinsje)