FIDEO: De Hynstekeuring yn Ljouwert

11 jan 2020 - 16:24

Dizze wike is it WTC Ljouwert omboud ta striidtoaniel foar de Fryske hynsten. Stamboekhynsten stride hjir om kampioenstitels en de Omrop bringt de keuring live by jo thús. It evenemint wurdt elts jier drok besocht troch minsken fan oer de hiele wrâld. Omrop Fryslân is dêrby en stjoert alles fan 8.30 oere ôf út.

The stream is also available in English, German and Dutch.

Dizze sneon stean de stamboekhynsten fan it KFPS yn it fuotljocht. It kommentaar by de Hynstekeuring wurdt ek dit jier jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra. Oan de ein fan de middei wurdt bekend wa't de kampioen fan 2020 is. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering online te folgjen mei Ingelsk of Dútsk kommentaar. Boppedat is der wer in Nederlânske livestream beskikber.

Nei de keuring wurdt it bêste fan de Friesian Proms útstjoerd, it muzykspektakel mei hynders en muzyk fan ûnder oaren Marcel Veenendaal (DI-RECT), The BlueBirds en Elske DeWall.

Sneon 11 jannewaris om 8.30 oere: de Hynstekeuring live op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Oanslutend: de hichtepunten fan Friesian Proms. Foar leafhawwers fan it Frysk hynder is der ek in online databank mei in ferskaat oan argyfmateriaal. Sjoch op www.omropfryslan.nl/hynstekeuring.

(advertinsje)
(advertinsje)