Aart Staartjes (81) swierferwûne by ûngelok yn Ljouwert

De bestjoerder fan de brommobyl, dy't freedtemiddei swierferwûne rekke by in ûngelok op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert, is de 81-jierrige Aart Staartjes út Dronryp. Staartjes, ferneamd akteur en berneprogrammamakker, kaam mei syn brommobyl troch noch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in automobilist.
© ANP
De 81-jierrige Staartjes soe by it ûngelok út syn 45-kilometerautoke slingere wêze. Helptsjinsten kamen manmachtich nei it plak fan it ûngelok. Ek it personiel fan de traumahelikopter út Eelde hat it ambulânsepersoniel bystien. Nei de behanneling flakby it plak fan it ûngelok is Staartjes mei spoed oerbrocht nei it sikehûs. Syn tastân is op dit stuit net bekend.

Ut beam fallen

Yn 2014 foel de bekende akteur út in beam yn syn wenplak Dronryp. Aart Staartjes is ûnder oare bekend fan Sesamstraat. Dêrneist is hy regisseur, presintator, dokumintêremakker en skriuwer.
© AS Media