Sulver foar 'Fryske' froulju by teamsprint op EK

10 jan 2020 - 22:11

De Nederlânske reedrydfroulju, mei Letitia de Jong, Femke Kok en Ireen Wüst, hawwe freedtejûn in sulveren medalje helle op de teamsprint. Op it Europeesk kampioenskip yn Thialf op It Hearrenfean moast Nederlân de winst oan de Russyske froulju litte.

Letitia de Jong en Ireen Wüst nei ôfrin fan de teamsprint:

De titelhâlders wûnen yn 1.26,17, mei minder as in heale sekonde foarsprong foar Nederlân: 1.26,62. It brûns yn Thialf gie nei Poalen.

Wüst ferfong Nederlânsk sprintkampioene Jutta Leerdam, dy har ôfmeld hie foar de teamsprint. Earder dit seizoen pakten de Nederlânske froulju de wrâldbeker op de teamsprint. Oranje pakte goud yn trije fan de fjouwer wedstriden.

Femke Kok nei de sulveren medalje op de teamsprint:

(advertinsje)
(advertinsje)