SC Cambuur giet nei oanfallende slotfaze krekt ûnderút tsjin Volendam

10 jan 2020 - 21:50

Koprinner Sportklup Cambuur is freedtejûn yn it eigen stadion yn Ljouwert tsjin in nederlaach oanrûn. Tsjin in effektiver FC Volendam giene de Ljouwerters, nettsjinsteande in oanfallende slotfaze, mei 2-1 ûnderút.

Foto: Orange Pictures

Cambuur hie it dreech yn de begjinfaze fan it duel yn Ljouwert. Volendam begûn better en kaam al yn de sânde minút op foarsprong. It doelpunt kaam op namme fan Francesco Antonucci.

De goed njoggentûzen supporters yn it stadion koene dêrnei sjen dat Cambuur wat better yn it spul kaam. De Ljouwerters krigen hiel wat corners yn de earste helte, mar slaggen der net yn de ferdigening fan Volendam te passearjen.

Doelpunt Mühren ôfkard

Yn de twadde helte kaam it duel los. Robert Mühren koe yn de 47ste minút de bal achter keeper Bakker krije, mar waard dêrnei ôffluite foar bûtenspul. Efkes letter ferdûbele Volendam de skoare. In skot fan Murkin bedarre yn it doel fan Sonny Stevens.

Dêrnei waard it stil yn it Cambuurstadion. Mühren mocht tweintich minuten foar tiid frij ynkoppe op doelman Bakker, mar dy pakte de bal klem. Krekt wat letter makke Cambuur de oanslutingstreffer. Yn de 74ste minút tikke Jamie Jacobs de bal binnen.

De oerwinning wie in stapke te fier foar Cambuur. Mühren krige tsien minuten foar tiid noch wol in goeie mooglikheid, mar slagge der net yn te skoaren. Deselde Mühren mocht yn de ekstra tiid ek nochris oanlizze foar in kopbal, mar ek dy gie der net yn.

SC Cambuur - FC Volendam 1-2 (0-1) 7. Antonucci 0-1; 50. Murkin 0-2; 74. Jacobs 1-2.

Opstelling Cambuur: Stevens, Mac-Intosch, Schouten, Schmidt (77. Van der Kaap), Hoedemakers, Kallon (81. Paulissen), Jacobs, Maulun, Mühren, Sambissa, Antonia (65. Oratmangoen).

(advertinsje)
(advertinsje)