Ljouwerter bedriuw wint trije grutte prizen yn Las Vegas

It Ljouwerter bedriuw Hydraloop hat op in grutte ynternasjonale techbeurs (Consumer Electronics Show) yn Las Vegas trije kear in priis wûn. It bedriuw dat in wetterrecyclingsynstallaasje foar yn huzen ûntwikkele, pakte yn trije kategoryen de earste priis, meldt de NOS.
CEO Arthur Valkieser en CMO Sabine Stuiver van Hydraloop © WaterCampus Leeuwarden
It waard keazen ta bêste start-up, mar krige ek it predikaat bêste duorsume produkt en úteinlik ek de priis 'bêste fan it bêste'. It Fryske bedriuw wie dêrmei fierwei de bêste fan 4.000 bedriuwen dy't meidiene.

Wetter skjinmeitsje

De Hydraloop is in apparaat dat smoarch húshâldlik wetter sa skjin makket, dat it foar in twadde kear brûkt wurde kin. It wetter wurdt sa skjin dat je it eins wol drinke kinne, mar it wurdt yn in twadde wetterlieding yn hûs benammen brûkt foar it trochspielen fan it húske. It apparaat kostet 3500 euro en úteinlik kinne je der de helte wetter mei besparje.

Soad bestellingen

Sûnt it bedriuw de prizen wûn, streame de bestellingen binnen. "Ze komen vanuit de hele wereld en met name uit Australië", seit in wurdfierder.
It bedriuw Hydraloop makket diel út fan de misje Techleap.nl, dy't laat wurdt troch prins Constantijn en ek steatssekretaris Mona Keizer makket diel út fan de misje. De steatssekretaris neamt de útfining in reuzestap, dy't de wrâld fierder helpe kin as it om wetterbesparring giet.