Ireen Wüst foar it earst Europeesk kampioene op de 1500 meter

Reedrydster Ireen Wüst hat foar it earst yn har karriêre de Europeeske titel op de 1500 meter ferovere. Yn Thialf op It Hearrenfean einige Wüst yn in tiid fan 1.54,88.
Ireen Wüst nei ôfrin fan de teamsprint:
Letitia de Jong en Ireen Wüst
Dêrmei wie se rapper as Jevgeniia Lalenkova út Ruslân, dy't it sulver pakte yn 1.55,22. Jekaterina Sjichova, ek út Ruslân, einige as tredde yn 1.55,31.
Wüst skreau earder dit seizoen yn it wrâldbekersirkwy al twa fan de trije wedstriden op de 1500 meter op har namme. "Deze Europese titel had ik nog niet, dus mede daarom ben ik er erg blij mee", neffens Wüst.

Romte foar ferbettering

"Zeker voor eigen publiek wil ik het altijd graag laten zien. De steun van het publiek in Thialf geeft me altijd een beetje extra energie dat ik soms nodig heb om te winnen. Deze race ging gelukkig al weer wat beter dan tijdens de NK. Alleen mijn opening was nog niet goed. Er is dus nog ruimte voor verbetering."
© Orange Pictures