FIDEO: Boargemaster Van Klaveren oer It Amelân yn It Polytburo

"Ik heb mijn best gedaan om enige rust terug te brengen in de raad op Ameland, maar dat het af en toe opspeelt, dat blijft ook in de toekomst gegarandeerd." Dat sei Gerard van Klaveren, dy't takom wike ôfskied nimt as boargemaster fan It Amelân, freedtejûn yn It Polytburo by Omrop Fryslân.
FIDEO: Gerard van Klaveren yn It Polytburo
Van Klaveren spruts oer de drege politike kultuer op It Amelân, en it feit dat elkenien elkoar wol ken. "Er zijn zo'n 3700 inwoners die allemaal wel een bepaalde relatie met elkaar hebben. De samenleving is bijna verkleefd. Alles wat een raadslid doet, wordt onder een vergrootglas gelegd door de bevolking."
Ek de ferbining tusken It Amelân en Holwert kaam ta sprake yn It Polytburo. Neffens Van Klaveren soe der in splitsing komme moatte fan it ferfieren fan passazjiers en guod fan en nei it eilân. "Ik denk dat dat voor de toekomst de beste oplossing is. Een strikte scheiding tussen passagiers en vrachtvervoer. Dat laatste kan prima 's nachts, waarom niet?"

Oardel jier boargemaster

Gerard van Klaveren hat nei syn ôfskied takom wike oardel jier waarnimmend boargemaster op It Amelân west. Hy sil him stoarte op it ôfmeitsjen fan in roman en hat foarearst gjin politike ferfolchstap yn gedachten.