Spilersbus FC Volendam blokkearret ôfrit by Wurdum

10 jan 2020 - 19:40

De spilersbus fan FC Volendam hat freed oan de ein fan de middei foar in grutte ferkearsopstopping soarge. De bus kaam troch ûnbekende oarsaak dwersoer op de dyk te stean, op in ôfrit fan de N31 by Wurdum.

Foto: Wiebe Veenstra

Hoe't de sjauffeur fan de bus sa dwersoer kaam te stean, is noch net bekend. It ferkear hie fertraging, om't sy troch it gers om de bus hinne moasten. De plysje hat it ferkear dêrnei om de bus hinne laat. In berger is te plak kaam en hat de bus loslutsen.

Spilers op 'e tiid

De spilers fan FC Volendam binne mei lytsere buskes nei it Cambuur-stadion brocht en wiene dêrtroch op 'e tiid foar de wedstriid yn it stadion.

Trefwurden: 
N31 FC Volendam spilersbus
(advertinsje)
(advertinsje)