Presintaasje fan Sjinkie Foundation, ien jier nei it ûngelok

Yn it Martini Sikehûs yn Grins is freedtemiddei de Sjinkie Foundation presintearre. Dat barde mei sin op 10 jannewaris, want op 10 jannewaris 2019 rekke de shorttracker út Bantegea slim ferwûne by in ûngelok mei de houtkachel.
Sjinkie Foundation online
Tagelyk mei de Sjinkie Foundation waard yn Grins it berneboek Saar en Siem - Als ons huisje breekt presintearre. Savannah van der Wal, de skoansus fan Sjinkie, skreau it boek foar Sjinkie syn bern Myrthe en Melle. Sy snapten der earst neat fan wat der mei heit Sjinkie te rêden wie. En omdat se der gjin goed berneboek foar fine koe, skreau se der sels ien.

Medyske stêf oanwêzich

De presintaasje fan berneboek en Foundation waard bywenne troch de medyske stêf fan it brânwûnesintrum yn it Martini Sikehûs. Dokter Sonja Scholten neamde de gearkomste tekenjend foar de striidbere ynstelling fan Sjinkie Knegt en syn famylje. "Een prachtig initiatief. Er zijn meer oud-patiënten die iets voor het ziekenhuis doen, maar dit is prachtig."
Sjinkie Knegt oer it berneboek en de foundation
De opbringst fan it berneboek giet nei de nije Sjinkie Knegt Foundation. De presintaasje fan it inisjatyf is eksakt ien jier nei it ûngelok fan Sjinkie. Hy wol mei it inisjatyf minsken helpe dy't nei in earnstich ûngelok wer werom komme wolle yn de maatskippij. Sport en beweging kin dêrby helpe. "Myn sportachtergrûn hat my ek holpen. Ik bin der fan oertsjûge dat sport en beweging ek oaren helpe kin om wer werom te kommen."
De famylje Knegt sil 10 jannewaris 2019 net gau ferjitte. Op it húske fan de slak yn it berneboek stiet noch hieltyd in groede en dat jildt ek foar it liif fan Sjinkie Knegt. Mar de shorttracker wurket hurd oan syn comeback. Hy giet der fan út dat er yn febrewaris wer syn earste wedstriden ride sil.
Dokter Sonja Scholten fan it brânwûnesintrum en skoansus Savannah van der Wal
© Omrop Fryslân, Onno Falkena