Lemmerboat rêdt hûnderten Joadske bern

10 jan 2020 - 16:46

Se moasten somtiden ûnder de banken en achter de bagaazje. Of se moasten as it gefaarlik waard ferklaaid wurde. De hûnderten Joadske bern dy't tusken 1942 en 1944 smokkele waarden fan Amsterdam nei Fryslân. Se fearen mei de gewoane passazjiers mei op de Jan Nieveen. En kapitein Haije Bouwman wist der wol fan, mar die krekt oft er neat yn de gaten hie.

Wa't tsjintwurdich op de Ruyterkade yn Amsterdam stiet, sjocht neat werom fan hoe't it der hjir yn 1942 útseach. De pieren dêr't de skippen oanleine, binne ferdwûn en hawwe plak makke foar in brede bûlevaar foar de minsken dy't ûnderweis binne nei it sintraal stasjon. It iennige dat itselde bleaun is, is it drokke farferkear. Hûnderten frachtskippen farre alle dagen foarby en de gemeentlike ferfierstsjinst fart kontinu fan de iene kant fan it wetter nei de oare kant.

As de fearboat oanleit krije je efkes in idee fan hoe't it der doe oan ta gien is. Grutte kloften minsken komme fan de boat ôf en meitsje harren rap út de fuotten. Datselde barde alle moarns yn 1942 ek. De Jan Nieveen hie dan yn seis oeren de oertocht makke fan De Lemmer nei Amsterdam. De boat siet alle dagen fol. Mei minsken dy't nei de haadstêd moasten, mar ek mei guod dat fan Fryslân nei Hollân moast. By oankomst yn Amsterdam rûn de boat rap leech. En dan begûn it lange wachtsjen op it momint dat de boat wer weromfarre soe.

Amsterdamske ferset

Op ien fan dy dagen yn dagen waard kapitein Haije Bouwman oansprutsen troch ien fan it Amsterdamske ferset. Dy socht om in manier om de joaden út Amsterdam wei te krijen. "Se hawwe mei myn pake praten om út te finen hoe't hy der krekt yn stie. Dêr die hy wat faach oer, mar dochs hiene se yn de gaten dat er wol te fertrouwen wie", sa fertelt pakesizzer Haije Bouwman.

Bouwman, dy't ferneamd is nei syn pake, wennet sels net fier fan it plak yn Amsterdam dêr't yn de oarloch de Jan Nieveen lei. It ferhaal oer wat syn pake yn de oarloch dien hat, is pas nei syn dea boppe wetter kaam. "Myn pake hat dêr nea oer ferteld. Hy fertelde hoe dan ek net safolle, mar dit kaam ek net ta sprake." Neffens Bouwman is it eins krekt hoe't syn pake der yn de oarloch sels ek mei omgie. "Hy wist alles, mar sei neat."

Foto: Spanvis.nl

De Joadske bern kamen faak ûnder begelieding fan ien fan it ferset oan board fan de Jan Nieveen. Sels al hie kapitein Bouwman de bern sels net sjoen, dan wist er dochs dat se oan board wiene om't er de minsken fan it ferset seach. En hoewol't er krekt die oft hy fan neat wist, warskôge hy harren altyd as der gefaar oankaam. "As der in Dútske kontrôle oankaam, dan joech er altyd in seintsje. De bern waarden dan ûnder de banken ferstoppe of hurd ferklaaid. Sa is der in ferhaal bekend fan twa Joadske jonges dy't in jurkje oankrigen en lippestift op."

It gefaarlikste ûnderdiel fan de oertocht wie miskien wol it feit dat der ek faak Dútske soldaten oan board wiene. "De Jan Nieveen wie ek aktyf foar de Dútsers. Dat moast wol, want der moast ek gewoan jild fertsjinne wurde." sa fertelt Haije Bouwman. "As se wegere hiene om foar de Dútsers te farren dan hie it rap oer west." Ek wie der in bemanningslid fan de Jan Nieveen dat lid wie fan de NSB, mar neffens Bouwman hat dy nea foar echte problemen soarge. "Hy soe sels in kear in joad út de hannen fan de Dútsers rêden ha."

De tocht fan Amsterdam nei De Lemmer siet hoe dan ek fol mei gefaren. Sa moast der yn it tsjuster fearn wurde fanwegen de mooglike bombardeminten. De boat is op ferskate tochten besketten wurden, mar dat hat nea ta skea laat. Yn jannewaris 1945 gie it lykwols mis. Mar net troch besjittingen of oar oarlochsgeweld mar troch in oanfarring. De Jan Nieveen kaam yn it tsjuster yn botsing mei de Groningen IV fan deselde rederij. By it ûngelok kamen trettjin minsken om.

It soarge derfoar dat der nei de oarloch in ûndersyk ynsteld waard nei kapitein Bouwman. En net allinnich fanwegen it ûngelok, mar ek om't er fertocht waard fan kollaboraasje mei de Dútsers, fanwegen it ferfieren fan Dútske soldaten en materiaal. Mar ta in feroardieling is it nea kaam.

Foto: Spanvis.nl

Ek nei de oarloch bleau de Jan Nieveen de oertocht fan De Lemmer nei Amsterdam alle dagen meitsjen. En ek Bouwman bleau noch jierren oan as kapitein. Mar oer de oarlochsjierren hie er it nea wer. Sa hat er pakesizzer Haije Bouwman der eins neat oer ferteld. "Allinnich mar oer hoe goed hy altyd om gie mei de hynders op it skip. Dêr wie er hiel grutsk op."

Grutsk is ek wat Haije is op syn pake. "Ja, absolút. Sels al hat er der nea oer ferteld, it makket my grutsk wat myn pake dien hat troch ta te stean dat dy bern oan board brocht waarden. Dat hat pake goed dien."

In reportaazje fan ferslachjouwer Wytse Vellinga

It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in gearwurking tusken Stichting de Verhalen, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. De kearnredaksje bestiet út Karen Bies, Marja Boonstra, Martijn van Dijk, Wybe Fraanje en Gerard van der Veer.

(advertinsje)
(advertinsje)