Winst foar Snits Wyt Swart

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart pakte snein trije belangrike punten troch de útwedstriid by Babberich mei 4-1 te winnen. De Snitsers wiene de hiele wedstriid de bettere ploech. It wie Jonathan Gregoria dy't yn de 22e minút de skoare iepene foar de Snitsers. Michael Grendel makke de 2-0. Babberich kaam foar it skoft werom yn de wedstriid troch in penalty.
Yn de twadde helte makken Kees Smaal en Khalid Yachou dien wurk. Snits Wyt Swart hat no 17 punten út 10 wedstriden.