Gemeente makket flater mei Dútske taal op ôffalbakken yn Ljouwert

10 jan 2020 - 16:07

De gemeente Ljouwert hat in flater makke by de bestikkering fan ôffalbakken yn de stêd. Op de stikkers stiet yn trije talen: it Nederlânsk, it Dútsk en it Ingelsk, it wurd foar ôffal. Mar it Dútske wurd kloppet net.

Foto: Feli Neibauer

It stiet sa moai op de jiskebakken yn de stêd. Afval / Müle / Garbage. It Dútske wurd foar ôffal is allinnich net Müle, mar Müll.

In wurdfierder fan de gemeente seit dat de gemeente net op de hichte is fan de flater. "We gaan kijken wat we hiermee moeten, maar het kan niet zo zijn dat we foute woorden op onze afvalbakken hebben staan."

Trefwurden: 
Ljouwert ôffal Müll
(advertinsje)
(advertinsje)