Minister Grapperhaus: "Ferbod op stekwapens gjin oplossing"

10 jan 2020 - 15:31

It útwreidzjen fan de list mei ferbeane messen is net de manier om ynsidinten mei stekwapens tsjin te gean. Dat sei minister Ferd Grapperhaus fan Justysje freedtemiddei by it begjin fan de ministerried.

Foto: ANP

De Twadde Keamer pleite tongersdei foar oanskerping fan it belied, nei in oprop fan plysjeminsken en boargemasters om wat te dwaan tsjin it tal stekynsidinten.

By in stekpartij yn Drachten kaam de 16-jierrige Roan ôfrûne desimber om it libben. Minister Grapperhaus fynt wol dat der wat barre moat, mar tinkt dus net dat de oplossing leit by in ferbod op stekwapens.

Previntyf fûillearje?

"Je kunt ook met een aardappelmesje de straat oplopen en heel verkeerd gedrag vertonen en iemand neersteken", sei Grapperhaus tsjin de NOS. "Je moet ook kijken: hoe kun je bepaalde gevaarlijke situaties in gebieden voorkomen. Preventief fouilleren is een discussie maar ik vind wel dat we die discussie aan moeten gaan."

(advertinsje)
(advertinsje)