Bert Wassink hâldt begjin takom jier op as boargemaster fan Skylge

10 jan 2020 - 15:08

Bert Wassink fan Skylge hâldt begjin 2021 op as boargemaster. Syn amtstermyn rint dan ôf en hy hat net de ambysje om foar in werbeneaming yn oanmerking te kommen. Dat hat hy de fraksjefoarsitters fan de gemeenteried meidield.

Bert Wassink - Foto: Bas Losekoot / Gejut

"Terschelling is een geweldige plek om te wonen en te werken. Het is nog steeds een mooi avontuur. We hebben echter van begin af aan het besef gehad dat ons verblijf op Terschelling tijdelijk zou zijn", aldus Wassink. De GrienLinks-politikus is sûnt 2015 boargemaster op it eilân.

Opfolger

De beneamingsproseduere foar in opfolger sil nei alle gedachten yn maart fan dit jier úteinsette.

(advertinsje)
(advertinsje)