Nij bistepark yn De Westereen

10 jul 2012 - 17:22

Op De Westereen is tiisdei in nij bistepark iepene, SanjesZoo. De bistetún moat tsientûzenen besikers yn it jier lûke. Der is rûchwei twa miljoen euro ynstutsen.

Yn it park is in grut ferskaat oan bisten te sjen. Dêrfoar moasten wol de noadige fergunnings komme en dat wie lestich. Alle bisten binne der dan ek noch net. De famylje Visbeek fan SanjesZoo hoopje dat der tusken de 40.000 en 50.000 besikers yn it jier komme sille.

Trefwurden: 
SanjesZoo bistepark
(advertinsje)