Frysk bedriuw besiket sa grien mooglik bakje kofje te meitsjen

In sa duorsum mooglik bakje kofje op kantoar, dat is is stribjen fan Overwijk Koffiesystemen op De Gordyk. It bedriuw fersoarget de kofje foar ferskate bedriuwen en besiket de ferpakkingen, bekers en kofjemasinen sa grien mooglik te meitsjen.
© ANP
"Wy binne sûnt 2007 echt dwaande mei sjen hoe't wy ús fuotprint fan wat my op de merk bringe sa lyts mooglik hâlde. Dêrfoar diene wy dat ek al wat, omdat wy natuerlik wol seagen dat wat wy op de merk bringe úteinlik op de jiskebult einiget", sa seit direkteur Luitzen Overwijk.

Rierstokjes

It bedriuw soarget neist kofjemasinen ek foar beannen, bekerkes en gean sa mar troch. Overwijk hellet de brûkte bekerkes op by de bedriuwen om it te recycljen, mar it kaam dêrby wol in probleem tsjin. "As ik de bekers wer ynnim, sit der in rierstokje by fan hout, plestik of bamboe en dy moatte je apart ynsammelje. Wy ha no in rierstokje ûntwikkele fan itselde materiaal as it bekerke, dy kinne je by inoar dwaan, opfange en dan nei de ferwurkers ôffiere litte", fertelt Overwijk.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn petear mei direkteur Lutzen Overwijk
Ek de masinen binne hielendal duorsum. "Wy litte de masinen yn Switserlân ûntwikkelje. Dy wurde nei sân jier revisearre en kinne fjirtjin jier mei. De kofje sels sit yn in biologysk ôfbrekbere ferpakking dy't CO2-neutraal produsearre is, en alle kofjes binne sertifisearre."

Papier populêrder

Plestik wurdt noch wol brûkt, mar papieren bekerkes wurdt hieltyd populêrder. "Wy sjogge it ferskowen. Foarhinne seagen wy dat it tachtich persint plestik wie en tweintich persint papier, no is it oarsom."
Lutzen Overwijk oer de kofje op kantoar